De Turfwegen

DE TURFWEGEN

Fan plaggen, seadden en stikkene plinten
it hinnekommen achter in heal fersakke daam,
fjouwer minsken benjonken
in keale bjirkebeam, klompen en klean,
donker as de loft dy’t winter hâldt.

Hoe’t de fotograaf, faaks
út in djip stik greppel wei, frou, bern en faam
delset hat tsjin in lege hoarizon.

Iepen te brekken de romte achter de blik
fan har dy’t sûnder lins
it lânskip op te nimmen stiet.

Achter it byldskerm bûgje ik foaroer,
almar djipper as wie der
in wei en wurd yn har ivichheid wei,
as bestie der in lyts lawei dat earne
yn de tearen fan har plunje
Tiid syn tsjustere turfwegen seit.

Eeltsje Hettinga, 7 desimber 2019 / www.eeltsjehettinga.nl


DE TURFWEGEN

Van plaggen, gras en kapotte plinten
het onderkomen voorbij een vervallen dam,
vier mensen naast een kale berk,
klompen en kleren, donker als de lucht
die winter herbergt.

Hoe de fotograaf, misschien
vanuit een greppel, meisje, moeder en koters
heeft neergezet tegen een lage horizon.

Open te breken de ruimte achter de blik
van haar die zonder lens
het landschap staat op te nemen.

Achter het beeldscherm buig ik voorover,
almaar dieper als was er
een weg die aan haar eeuwigheid raakt,
alsof er een klein lawei bestond dat ergens
in de plooien van haar plunje
Tijd zijn donkere turfwegen spreekt.

Eeltsje Hettinga, 7 december 2019 / www.eeltsjehettinga.nl

plaggenhut Middendorp 1907